Grutte delgong yn jeugdkriminaliteit Noard-Nederlân

De registrearre jeugdkriminaliteit yn Noard-Nederlân is yn de ôfrûne tsien jier flink ôfnaam. Tusken 2005 en 2015 is it tal minderjierrigen dat registrearre waard as fertochte mei mear as de helte ôfnaam. Yn Fryslân giet it om in delgong fan 59 persint. Yn Drinte giet it om 72 persint en yn Grinslân gie it sifer mei 65 persint omleech. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Fries Sociaal Planbureau, it Sociaal Planbureau Grins en Trendbureau Drenthe. It ûndersyk is dien yn gearwurking mei it Arrondissementaal Platform Jeugdcriminaliteit Noard-Nederlân.
Smartphone
Neffens de ûndersikers wurdt de delgong fan de registrearre jeugdkriminaliteit ûnder oare feroarsake troch it gebrûk fan de smartphone. Dat makket dat jongeren minder op strjitte omhingje en foar oerlêst soargje. Ek previnsje spilet in rol, bygelyks it tsjingean fan alkoholgebrûk ûnder de jeugd. Yntusken nimt ynternetkriminaliteit ûnder jongeren wol ta. Trije op de tsien jongeren jout ta har hjir wolris skuldich oan te meitsjen. It giet dan ûnder oare om fraude en it ferstjoeren fan firussen.