Feanster bern besykje rekôr itensieden te ferbetterjen

02 nov 2017 - 11:41
Hurd wurkje yn de keuken - Foto: ANP

Twahûndert bern út de groepen sân en acht fan fjouwer basisskoallen op It Hearrenfean besykje moandei it Nederlânsk rekôr 'itensiede troch bern' te ferbetterjen. Dat is no noch yn hannen fan it Drintske doarp Vries, mei 179 itensiedende bern. It itensieden is yn Thialf en is tagelyk it startskot foar de kampanje 'Groente...zet je tanden erin'. Dy moat derfoar soargje dat bern sûner libje. Foar it rekôr sille de bern moandei fegetaryske wraps meitsje. Dêrfoar brûke se 230 wraps, 60 pakjes rjemmetsiis, 30 kroppen iisberchslaad, hûndert tomaten, 50 komkommers, 60 paprika's en 16 potten biezelok en piterseelje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)