"Mear spesjale wenningen nedich foar jongeren Achtkarspelen"

ChristenUnie
De fraksje fan de ChristenUnie yn de gemeenteried fan Achtkarspelen wol witte wêrom't de gemeente net meiwurkje wol oan de realisaasje fan sân apparteminten yn in gebou oan de Master Hoeksmawei yn Droegeham. De partij hat fragen steld oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. De apparteminten binne bedoeld foar jongeren dy't begelieding nedich hawwe by it selsstannich wenjen.
De gemeente hat earder oanjûn dat der genôch fan ditsoarte mooglikheden binne yn Achtkarspelen. Mar neffens de ChristenUnie is der kwealik wenromte foar dizze groep en driigje jongeren op strjitte te bedarjen.