Drachten krijt eigen broodfonds

02 nov 2017 - 11:10

Drachten en omkriten krijt in eigen broodfonds. Dat is in sosjaal fangnet fan en foar ûndernimmers. Maksimaal fyftich dielnimmers lizze jild yn. Wannear't ien fan har arbeidsûngeskikt rekket, krijt dy fan de oaren tydlik finansjele stipe. Zzp'ers, mar ek selsstannigen mei in bv of vof kinne meidwaan yn sa'n fûns.

Lanlik binne der al 300 groepen, mei goed 13.000 ûndernimmers. Op 20 novimber is der yn Drachten in ynformaasjebyienkomst oer it broodfonds.

Trefwurden: 
Drachten broodfonds
(Advertinsje)
(Advertinsje)