Fêstrûn frachtskip kin wer fierder

02 nov 2017 - 10:25

It frachtskip dat mei de stoarm fan ôfrûne wykein fêstrûn wie by it Dútske Waadeilân Langeoog oan de eastkant fan Skiermûntseach, is flotlutsen. It skip lei fêst op in sânbank. It hie gjin fracht oan board, mar wol hast 2.000 ton oalje en disel. Der waard rekken mei hâlden dat dit fuortlekke soe, wat mooglik foar grutte skea soargje soe oan de natuer yn it Waadgebiet. Boargemaster De Hoop fan It Amelân pleite dêrom dizze wike opnij foar in ferkearsbegeliedingssysteem foar skippen, krekt sa't dat der ek is foar fleantugen. Dat soe problemen as mei dit skip foarkomme kinne. Sa't it no liket, is der neat fuortlekt.

Trefwurden: 
frachtskip stoarm Langeoog
(Advertinsje)
(Advertinsje)