Youtube-oprop foar nije bestimming treinwagon Harns

02 nov 2017 - 09:56
De wagon út 1932 - Foto: Penta Architecten Harlingen

Yn in fideo op Youtube ropt wethâlder Maria le Roy minsken op om mei plannen te kommen foar de âlde treinwagon dy't de gemeente Harns kocht hat. Dy stiet yn de Willemshaven en it wie de bedoeling dat dêr in sanitêrgebou yn komme soe. Dat giet net troch en dêrom is de gemeente no op syk nei ideeën foar in oare ynfolling. Dy kinne yntsjinne wurde oant 8 jannewaris takom jier.

De minsken mei de trije bêste ideeën wurde útnûge foar in presintaasje oan de gemeente Harns. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders bepaalt hokker idee úteinlik útfierd wurdt.

(advertinsje)
(advertinsje)