Omrop TIP: Op & Ut sneon wer live op telefyzje

Op & Ut, it kulturele radioprogramma fan Omrop Fryslân is fan moarn 4 novimber ôf ek wer te folgjen op telefyzje. Rjochtstreeks út kafee Backstage fan Neushoorn yn Ljouwert wei is it programma dan tagelyk te hearren en te sjen op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018 is Op & Ut al sûnt 2014 midden yn de mienskip te finen. It programma kaam earder al live út de Blokhúspoarte wei. Trochdat Op & Ut fan moarn 4 novimber ôf wer op lokaasje útstjoerd wurdt, is it ek wer mooglik foar publyk om de útstjoeringen by te wenjen. Minsken kinne sneon fan 9.00 oant 12.00 oere delkomme yn kafee Backstage fan Neushoorn oan it Ruiterskwartier yn Ljouwert. En lykas earder: it earste bakje kofje is fergees!
Presintator Douwe Heeringa ûntfangt yn de earste útstjoering Jacqueline Schrijver en Fredau Buwalda. Sy sille it hawwe oer it Noordelijk Film Festival dat fan 8 oant en mei 12 novimber yn Ljouwert plak fynt. Fierder yn de útstjoering: Ernst Bruinsma mei syn boeke-rubryk en live muzyk fan de band Small Town Bandits.

Op & Ut hat alle sneonen omtinken foar alderhande aktiviteiten yn Fryslân. Douwe Heeringa praat mei gasten oer eveneminten, festivals, eksposysjes, konserten, films en noch folle mear. Boppedat hat Op & Ut fêste rubriken wêryn’t Johan de Jong oer de natuer praat, Klaas Piekstra mei tips foar de tún komt en Piet Paulusma minsken bypraat oer it waar fan dat wykein.

Op & Ut: alle sneonen fan 9.00 oant 12.00 oere live út kafee Backstage fan Neushoorn wei op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop app.