Kollum: "Fiif W’s en in H"

"Wat begûn as in skrinend ferhaal, mar ek in nijsgjirrich nij aspekt oan it #MeToo fenomeen, liket no te einigjen yn in kânsleaze rjochtsaak. Ik ha it oer Jelle Brandt Corstius fersus Gijs van Dam.
Sa, beide nammen binne neamd. Dat wie net de bedoeling fan Jelle, dy’t yn in brief yn Trouw ferline wike sei dat hy oraal ferkrêfte is ûnder syn wurk yn it begjin fan syn telefyzjekarriêre. Dy brief stiet fol mei wat Jelle hjir al en net oer sizze kin. Hy seit dat it sjoernalistyk sjoen gjin ferhaal is, sa’t hy it fertelle kin. Want hy kin net sizze wat der krekt bard is, wêr't dat wie, wannear, hoe en wêrom. En krúsjaal is dat hy dus ek net sizze woe mei wa.
Dizze fiif w’s en de h, is in basisregel fan sjoernalistyk: dat moat hoe dan ek yn je stik stean. Jelle skriuwt dus: dit is gjin ferhaal. Yn earste ynstânsje hie hy al in stik skreaun foar deiblêd Trouw dat oan dy basisregel foldie. Want hy fûn dat dit ferhaal ferteld wurde moast. ‘Om herhaling te voorkomen’, skriuwt hy, want ‘waarom zou ik de enige zijn?’
Mar dat ferhaal koe net publisearre wurde, want it is syn wurd tsjin dat fan de oar. Der binne gjin tsjûgen, en sa’t it no liket ek gjin oare ynsidinten. Jelle skriuwt: ‘Als het tot een rechtszaak zal komen is de kans groot dat hij mij succesvol beschuldigt van smaad, en ik een tweede hypotheek op mijn huis kan nemen om de schadevergoeding te betalen.’
Sûnt moandei witte we dat dy rjochtsaak der dus komt. Dit is in tûk skaakspultsje fan juridyske ôfdielingen en advokaten wurden. De beskuldige - Gijs - kaam sels út de anonimiteit, want, sa seit syn advokaat yn Trouw, Gijs waard al troch sjoernalisten benadere.
Tiisdei wiene de kommentaren net fan de loft: wêrom hat Jelle dan net oanjefte dien? No, dat hie hy al yn de krante útlein. De advokaat fan de tsjinpartij hoegde allinnich mar te dwaan wat Jelle al foarspeld hie yn deselde brief, nammentlik Jelle beskuldigje fan smaad. Appeltje-eitje, want it is úteinlik Jelle’s wurd tsjin dat fan Gijs. Gijs hoegde allinnich mar even yn ‘e media te kommen om himsels bekend te meitsjen en in sneu gesicht te lûken.
Wat is hjir no mis gien. It begjint der mei dat Jelle it stik earst skreaun hat mei alle w’s en de h. Want dêryn stie de namme fan Gijs. Of sa’t de advokaat fan Gijs no seit: ‘Ook al heeft hij zelf de naam van mijn cliënt niet in de publiciteit gebracht, hij heeft die wel gedeeld met journalisten. Dat is al genoeg voor een strafbaar feit.’
Ik bin gjin jurist, mar dat lêste soe tige kwealik wêze. Want dit giet dus oer sjoernalistyk, oer in tige gefoelich ûnderwerp. As ik foar in ferhaal net nammen diele kin mei oaren om facts te checken of wat dan ek, dan kom ik nearne mei myn ferhaal. It soe dus tige kwealik wêze as op basis hjirfan Jelle bestraft wurdt. Dat is in oanslach op de sjoernalistyk.
Dêr komt noch by dat it yn dit gefal noch hieltyd it wurd fan Jelle tsjin dat fan Gijs is. Hoe’t dy seks ek west hat - drogearre ferkrêfting of oansketten mei spyt efterôf - dat wit net ien. Dat seit Jelle ek. Gjin inkelde bûtensteander, rjochter, twitterer, of kollumnist, kin wat dat oanbelanget stelling nimme.
Mar dat giet allegearre foarby oan it ultime punt út de brief fan Jelle. Jelle seit oer syn earste sjoernalistike stik:
'Ik schreef het ook voor alle HR-managers, leidinggevenden, teamleiders en vertrouwenspersonen. Maak de drempel zo laag mogelijk om dit soort misstanden te melden. En als iemand het meldt, neem het dan serieus. Ik schreef het voor alle mensen die door een vriend of collega in vertrouwen zijn genomen. Misschien willen zij wel meer dan een luisterend oor, misschien hebben ze net dat duwtje nodig om actie te ondernemen. En ik schreef dit ook voor alle smeerlappen die nog steeds denken dat ze ermee wegkomen.'
Dat is in belangrike alinea. Dit is wêr’t #MeToo oer giet. En dy’t we net ferjitte meie, wat foar kânsleaze rjochtsaken dit fierder ek wurde. Sa’t Jelle seit: by elk ferhaal dat yn de ôfrûne tiid ferskynde, sitte tsien ferhalen dy’t nea ferteld wurde kinne."