Hegemer Mar krijt grutste sloepekonsert fan Nederlân

02 nov 2017 - 07:59
Foto: Omrop Fryslân

Op 30 juny takom jier wurdt der op de Hegemer Mar it grutste sloepekonsert fan Nederlân holden. Op in poadium op it earste eilantsje fan de Hegemer Mar binne optredens fan ûnder oaren Karin Bloemen, Hans Klok, Jeroen van der Boom en Iris Kroes. Sy hawwe allegearre in bysûnder oantinken oan Heech en fertelle dêroer en ek wêrom't se weromkomme.

Alle optredens wurde begelaat troch in orkest ûnder lieding fan dirigint Theo Brouwer. Under de optredens binne fideo's te sjen oer Heech. It publyk kin alles folgje fan it wetter ôf.

(advertinsje)
(advertinsje)