Deputearre Schrier 'not amused' oer fleanfjild Lelystêd

02 nov 2017 - 07:48

Neffens deputearre Michiel Schrier hat de provinsje wol oan de bel lutsen yn Den Haag oer de útwreiding fan fleanfjild Lelystêd. Hy seit dat yn reaksje op de krityk fan de gemeente Eaststellingwerf. Dy gemeente fynt dat de provinsje de belutsen Fryske gemeenten net genôch stipet yn de beswieren tsjin de útwreiding fan fleanfjild Lelystêd. Eaststellingwerf seit dat by EenVandaag.

"Not amused"

Schrier neamt de krityk fan Eaststellingwerf in misferstân. "De provincie heeft namens de Friese overheden die er last van hebben een reactie gegeven op de internetconsultatie." Yn dy ynternetkonsultaasje wurde omwenners fan de fleanrûtes frege oft se ferbetterpunten hawwe foar dy fleanrûtes." Ook gaan wij een brief naar Den Haag sturen waarin wij aangeven 'not amused' te zijn over de manier waarop de informatievoorziening van de uitbreiding van het vliegveld en de aansluitroutes is gegaan", seit Schrier.

Gjin goed ûndersyk

De deputearre fynt dat de ynformaasjefoarsjenning oer de fleanrûtes te let op gong kaam is rjochting gemeenten en de provinsje. Ek de lûdsoerlêst en de risiko-analyze fan fûgeloanfarringen soene net goed ûndersocht wêze. "Dit baart ons zorgen." Wat Schrier oanbelanget moat der sa gau mooglik aksje ûndernaam wurde op in tal punten, wêrûnder it ûndersyk en de weryndieling fan it loftrom.

Lêste dei

Tongersdei is it de lêste dei dat der beswieren yntsjinne wurde kinne tsjin de útwreiding fan it fleanfjild fan Lelystêd. Fan Fryslân út hawwe de gemeenten East- en Weststellingwerf en De Fryske Marren dat dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)