Wenningoerfal yn Frjentsjer, fertochten binne útnaaid
Yn de Jan Reitsmastrjitte yn Frjentsjer hat woansdeitenacht even nei tolven in wenningoerfal west. De plysje is nei de melding fuortendaliks in ûndersyk begûn yn en om de wenning. Dêrby is ek in speurhûn ynsetten. De fertochten binne nei alle gedachten útnaaid yn in auto. Se binne noch net fûn.