Jongereinwurk Boalsert en gemeente Súdwest-Fryslân om tafel

Der is in lytse kâns dat it jongereinsintrum yn Boalsert dochs net ticht giet. It bestjoer fan it jongereinwurk hat begjin takom wike noch in lêste petear mei de gemeente. Mar as dy net mei jild oer de brêge komt, is it definityf oer. Dat seit foarsitter Jelle Weijer.
Neffens Weijer is de ôfrûne jierren de subsydzje hieltyd minder wurden en dêrtroch binne in soad aktiviteiten skrast. Ek koene guon saken yn it jongereinsintrum net mear ferfongen wurde troch de jildkrapte. No't de gemeente mooglik fan takom jier ôf ek hier ûntfange wol foar it gebou oan de Burgemeester Praamsmalaan, is it net langer op te bringen om iepen te bliuwen. Dat makke it bestjoer woansdei bekend.
Letter op de dei kaam der berjocht fan de gemeente dat dy dochs noch mei it bestjoer om tafel wol. Weijer stiet dêr foar iepen, mar ferwachtet der net in soad fan.