Basisûnderwiis tinkt nei oer nije aksjes of stakingen

01 nov 2017 - 21:57
Foto: ANP

Der komme mooglik nije aksjes yn it basisûnderwiis. Stakingen wurde ek net útsluten. De fakbûnen hawwe dat woansdeitejûn witte litten. De sektor hâldt fêst oan de eardere easken fan 900 miljoen ekstra om de leanen op deselde hichte te krijen as dy yn it fuortset ûnderwiis. Boppedat moat der 500 miljoen euro komme foar ferleging fan de wurkdruk. By it oerlis mei de fakbûnen wiene ek de ried foar it primêr ûnderwiis (PO-ried) en de aksjegroep PO-in actie.

It kabinet wol it bedrach foar it ferleegjen fan de wurkdruk alle jierren wat ferheegje, om oan de ein fan de regearperioade út te kommen op hast 500.000 euro. Dat giet de fakbûnen fierstente stadich. Wat de leanen oanbelanget wol it kabinet net fierder gean as 270 miljoen euro.

Begjin oktober hâlden de leararen in lanlike staking. De aksjereewilligens wie grut. Hast alle basisskoallen yn it lân diene mei en sa'n 60.000 ûnderwizers kamen nei Den Haag om te protestearjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)