Follybalsters VC Snits ferlieze fan Sliedrecht Sport

01 nov 2017 - 21:23

De follybalsters fan VC Snits binne koprinner ôf. De thúswedstriid tsjin Sliedrecht Sport waard mei 3-1 ferlern. De earste set gie frij ienfâldich mei 25-17 nei Sliedrecht Sport. De Snitser froulju slaggen der net yn, om it de tsjinstanners lestich te meitsjen. Yn de twadde set hiene de Snitsers mear yn te bringen en dy wûnen se dan ek mei 25-21.

Yn de tredde set rûn Snits hieltyd achter Sliedrecht oan. Dy set gie mei 25-15 nei de tsjinstanner. De start fan de fjirde set wie wer foar de thúsploech, mar it slagge Snits net om dy om te setten yn setwinst. It waard yn dy lêste set 25-20 foar Sliedrecht, dat no de nije koprinner is.

Trefwurden: 
froulju VC Snits follybal
(Advertinsje)
(Advertinsje)