Drylts krijt sinnepark en siket noch ynvestearders

01 nov 2017 - 20:36

Drylts krijt in eigen sinnepark. Oan de noardkant fan de stêd komme 9.000 sinnepanielen te lizzen dy't genôch stroom opwekke moatte foar 900 húshâldens. Tegearre mei in al besteande wynmûne by de stêd soe dat betsjutte dat Drylts al syn elektryske enerzjy sels opwekket. Om it park oan te lizzen moat earst noch wol 2,7 miljoen euro op it kleed komme. Dat jild moat komme fan de ynwenners fan Drylts sels en de ynwenners fan Snits. Dy kinne in sinnepaniel oankeapje om sa de bou mooglik te meitsjen.

De kommende moanne sille de inisjatyfnimmers ferskate ynformaasjejûnen hâlde yn Drylts en Snits om dy ynvestearders te finen.

Trefwurden: 
sinnepark Drylts ynvestearjen
(Advertinsje)
(Advertinsje)