Kranten yn brievebus leechsteand hûs yn brân stutsen

01 nov 2017 - 20:28

Yn in leechsteande wenning oan de Pieter Sipmawei yn Ljouwert is woansdeitemiddei brân ûntstien. In steapel folders en kranten wie fia de brievebus yn de brân stutsen. De brânwacht krige om goed fiif oere in melding fan de brân. Se wiene gau teplak en hiene it fjoer fluch ûnder kontrôle, sadat foarkaam wurde koe dat de brân grutter waard. De plysje ûndersiket de saak, omdat it om brânstichting giet.

Trefwurden: 
brân brânstichting Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)