Keunstprojekt moat ynwenners It Hearrenfean lokkich meitsje

Op It Hearrenfean is woansdei in bysûnder keunstprojekt úteinset mei as motto 'kreativiteit makket gelokkich'. Yn bedriuwegebou De Kas hat de stichting De Muze Community Art Café in grutte bijekoer ophongen, dêr't de ynwenners fan It Hearrenfean dizze moanne mei-inoar oan bouwe kinne. Boargemaster Tjeerd van der Zwan iepene it mienskipsprojekt woansdeitemiddei en levere as earste in bydrage oan it keunstwurk: in doaske mei gelok, mei sân M&M's en sân kearskes.
It doel fan Muze is in permanint keunstkafee te krijen op It Hearrenfean. De stichting fynt dat de gemeente te min plak hat dêr't minsken op in leechdrompelige wize byinoar komme kinne, om mei keunst en kultuer yn 'e kunde te kommen. It Hearrenfean stiet foaral bekend as sportplak en dat is te meager, sa mient de stichting.