Direkteur brûkt jild privee

07 jun 2012 - 17:06

De direkteur fan it fallite metaalbedriuw Metalfinish yn Snits hat de lêste jierren jild fan it bedriuw op syn priveerekken set, wylst it bedriuw yn de reade sifers bedarre. Dat seit kurator Robert Verdonk. Verdonk praat mei oare bedriuwen oer in mooglike trochstart fan Metalfinish.

Begjin dizze wike waard bekend dat Metalfinish it fallisemint oanfrege hat. Goed fjirtich minsken hawwe harren baan dêrtroch ferlern. De kurator hopet dat de measten wer oan it wurk komme as de trochstart trochgiet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)