Snackferkeaper yn Hylpen wol jild sjen fan Súdwest-Fryslân

01 nov 2017 - 18:14

In ferkeaper fan snacks oan de Havenkade yn Hylpen stie woansdei tsjinoer de gemeente Súdwest-Fryslân foar de Ried fan Steat. Hy easket 128.000 euro fan de gemeente, mar dy wol dat net betelje. De man wiisde de gemeente der in pear jier lyn op dat in kreamhâldster har net oan de fergunning hâlde. Hy woe dat de gemeente har fergunning ynluts, sadat hy har plak ynnimme koe. De gemeente woe dat earst net, mar joech de man letter dochs gelyk.

De ferkeaper stiet no sûnt 2012 mei syn snackkream oan de Havenkade. Hy fynt dat de gemeente earder optrede moatten hie en easket syn omsetferlies oer 2010 en 2011 werom fan de gemeente. De Ried fan Steat docht oer seis wike útspraak.

(advertinsje)
(advertinsje)