Selstraf easke tsjin drankrider nei ûngelok by Appelskea

01 nov 2017 - 17:26

Tsjin in drankrider fan 55 jier út Grins is woansdeitemiddei by de rjochtbank yn Ljouwert in finzenisstraf easke fan acht moannen. Ek soe hy syn rydbewiis foar in perioade fan fjouwer jier ynleverje moatte. De man stie terjochte foar in ûngelok op de Boswei by Oude Willem, by Appelskea. Hy kaam mei syn auto op de ferkearde kant fan de dyk en botste frontaal op in tsjinlizzer. Yn dy auto siet in âlder pear út Oentsjerk. Sy rekken beknypt yn har auto en moasten der troch de brânwacht úthelle wurde. De man hâlde in brutsen nekwervel oer oan it ûngelok, syn frou hie in brutsen pols. Se hawwe beiden fjouwer dagen yn it sikehûs lein. 

De offisier fan justysje ferwyt de fertochte dat hy net nei de slachtoffers omsjoen hat. Hy flechte nei de oanriding de bosk yn. De plysje fûn him, wylst hy him ferskûle efter in beam. Tsjin de plysje sei er, dat hy nei de oanriding noch gau in flesse drank opsûpt hie, mar dy flesse is net oantroffen. De offisier fan justysje wiisde der op dat tsjûgen ferklearje dat de man nei it ûngelok swalkjend op syn fuotten stie en dat hy nei alkohol stonk. De fertochte hat ek sein dat hy in pear bierkes op hie en dat hy leaver net hie dat de plysje der byhelle waard.

De man is yn it ferline fiif kear feroardiele foar it riden mei drank op, de lêste kear wie yn 2007. De reklassearring hat him útnûge foar in petear, mar hy kaam net op de ôfspraak. De fertochte wie woansdei sels ek net by de rjochtsaak. De rjochter docht op 15 novimber útspraak. 

Trefwurden: 
selstraf drankrider Appelskea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)