Fertochten Snits fertsjinnen mei bitcoins, wat binne dat?

01 nov 2017 - 17:20

De mannen dy't tiisdei oanhâlden binne yn Snits foar drugshannel en it wytwaskjen fan jild diene saken op it saneamde 'darkweb' en lieten har útbetelje yn bitcoins, digitaal jild. Foar kriminelen binne dat ideale plakken om te hanneljen. It darkweb is in ûnderdiel fan it ynternet dat net te finen is op sykmasines lykas Google. Je krije allinnich tagong as je it goede webadres witte.

Op it darkweb wurdt hannele yn stellen guod, wapens, geheime dokuminten en ûnder oare ek drugs. De betelling wurdt faak dien yn bitcoins. Mei in bitcoin kinne je reedlik anonym hannelje. Alle transaksjes dy't je dogge wurde bewarre, mar in namme of adres hinget dêr net oan fêst. Dat makket it foar opspoaringstsjinsten lestich om út te finen fan wa't it jild is. Yn it filmke wurdt dúdlik makke hoe't beteljen mei bitcoins krekt wurket.

(Advertinsje)
(Advertinsje)