Prinses Margrietslûs by De Lemmer oere langer iepen op snein

01 nov 2017 - 16:40
De Prinses Margrietslûs by De Lemmer - Foto: Rykswettersteat

De slûs yn it Prinses Margrietkanaal by De Lemmer wurdt tenei op snein in oere langer betsjinne. Boaten kinne no op snein oant acht oere jûns de slûzen troch. Rykswettersteat ferrommet de tiden om sa te soargjen foar in bettere berikberens fan de rûte tusken Grins en Rotterdam. It giet dan benammen om it ferfier fan konteners. Yn it jier wurde der goed 200.000 konteners op dizze rûte ferfierd.

De Prinses Margrietslûs wurdt fan moandei oant en mei freed 24 oeren deis betsjinne. Op sneon fan 00.00 oere oant 20.00 oere en op snein tenei fan 06.00 oere oant 20.00 oere.

It Prinses Margrietkanaal is ûnderdiel fan de haadfarwei De Lemmer-Delfzijl en is ien fan de belangrykste farwegen fan ús lân. Rykswettersteat is eigener en behearder fan dizze farwei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)