Anne Hettinga fan Arriva: "Ien miljard ProRail is in begjin"

01 nov 2017 - 16:33

De ien miljard euro dy't ProRail de kommende jierren ynvestearret yn it spoar yn it Noarden, is net mear as in earste stap. Dat seit Anne Hettinga, direkteur fan Arriva. It ferfierbedriuw fersoarget yn Fryslân it treinferfier fan Ljouwert nei Starum, Harns en Grins. As de trein nei Grins op stroom ride soe, skeelt dat in soad fersmoargjende disel, mar ProRail tinkt dat de ynvestearring dêrfoar te grut is. Anne Hettinga woe dat idee noch net loslitte en fynt dat de provinsje hjir foar fjochtsje moat. Hy wiist nei Limburch, dêr't elektrifikaasje fan it spoar al slagge is. 

(advertinsje)