Mear Stenden-studinten nei bûtenlân foar stúdzje

01 nov 2017 - 16:16
Stenden hegeskoalle yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Hieltyd mear studinten fan Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert folgje in part fan har oplieding yn it bûtenlân. Se dogge mei oan de saneamde Grand Tour. Se kinne dan nei de fêstigingen yn Tailân, Baly, Katar en Súd-Afrika. Acht jier lyn gienen 336 studinten op Grand Tour. Dit jier hawwe har 619 studinten oanmeld, hast twa kear safolle.

De ôfrûne jierren is it stúdzjeoanbod hieltyd fierder útwreide en it doel fan Stenden is om dêr mei troch te gean. Sa wurdt no ûndersocht wat de mooglikheden binne foar it oanbieden fan programma's yn Sina en Latynsk-Amearika.

Enorm verrijkt

Bianca Vrajitoru studearre yn Bankok en Port Alfred: "De Grand Tour gaf mij de mogelijkheid om iets te betekenen voor de omgeving en de gemeenschappen in zowel Thailand als Zuid- Afrika. Tegelijkertijd kon ik mij specialiseren; voor mij de perfecte combinatie. Het heeft mij de ogen geopend. Ik heb de kans gekregen om verschillende, onvoorstelbare, levensprincipes te observeren, dit heeft mij enorm verrijkt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)