Alarm foar bûtenboardmotoaren

In ynwenner fan Blesdike hat in spesjaal alarmsysteem makke foar bûtenboatmotoaren. Sebastiaan Strampel makke in lyts kastje foar yn 'e bûtenboardmotor. As der ûngewoane bewegings binne, giet in lûd alarm ôf.
Fryslân is ien fan de plakken dêr't de measte bûtenboardmotoaren stellen wurde. De provinsje stiet sels yn 'e lanlike top 3. Neffens de 22-jierrige Strampel is syn alarm sa fernijend dat er oer de hiele wrâld patint oanfrege hat. Fan 'e stellen motoaren wurdt no mar 8 persint werom fûn.
Sa kaam Strampel op it idee om in preventyf systeem te ûntwikkeljen. It kastje sil maksimaal 300 euro kostje.