Ljouwerter bedriuw wint priis mei game 'Stressjam'

It Ljouwerter bedriuw Maarsingh & van Steijn hat in belangrike Nederlânske ICT-priis wûn. Har game 'Stressjam' is tiisdei keazen ta 'Digital Innovation of the Year'. Der wienen tsien nominaasjes, wêrûnder grutte bedriuwen as KPN en de TU Delft.
Psycholooch Bernard Maarsingh hat Stressjam betocht. "Al jarenlang gaan wij ervan uit dat stress ons ziek maakt en het risico op ziektes verhoogt, maar uit onderzoek door onder andere de universiteiten Stanford en Harvard blijkt dat stress juist positieve effecten kan hebben. Mensen die veel stress ondervinden én deze stress niet als gevaarlijk beschouwen, maar er juist handig mee zijn, horen bij de gezondste groep mensen. Je kunt gek genoeg goed worden in stress en er beter door gaan presteren, je hebt meer focus en energie, een betere band met je omgeving en je probleemoplossend vermogen neemt toe.”
Wat is Stressjam?
Stressjam is ien fan de earste produkten fan it troch Maarsingh & van Steijn oprjochte Innovatielab Jamzone. Stressjam is in Virtual Reality Serious Game en wurket mei realtime biofeedback. Stressjam leart de spiler in nije mindset te ûntwikkeljen dêr't stress ek sûn yn wêze kin. De brûker hat in echte, ynteraktive ûnderfining. Yn Stressjam spilest mei dyn eigen stresssysteem mei sensoaren op it lichem. By it spyljen past de game him realtime oan de dielnimmer oan. Dy oefenet mei syn eigen stresssysteem en leart der gebrûk fan te meitsjen om posityf oer stress te tinken. Ut ûndersyk docht bliken dat mar tolve prosint fan de minsken de foardielen fan stress goed brûke.
Reedriders
Reedrydcoach Jillert Anema brûkt Stressjam al foar syn olympyske ploech. Stressjam is ûntwikkele yn gearwurking mei studinten fan it Friesland College, NHL Stenden en de Hanzehogeschool. Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten joech by de ûntwikkelfaze feedback op de sensortechnology, brûkersfreonlikheid en tapasberheid.