Jongereinsintrum Boalsert slút de doarren
It jongereinsintrum oan de Burgemeester Praamsmalaan yn Boalsert giet nei trije jier ticht. Der komme hieltyd minder besikers en der is ek minder subsydzje beskikber. Dêrtroch kinne der minder aktiviteiten organisearre wurde. It jongereinwurk yn Boalsert wie hielendal ôfhinklik fan subsydzje en donaasjes.
It bestjoer hie noch in buro ynskeakele om te ûndersykjen oft der mear donaasjes of subsydzjes binnen helle wurde koene, mar dat levere net folle op. De frijwilligers fan it jongereinsintrum binne woansdeitemiddei op de hichte steld fan de sluting.