Wetterhurdheid ûngelyk

It probleem mei de hurdheid fan it wetter yn bepaalde regio's yn Fryslân is noch net oplost. It hat bliken dien dat it wetter op it iene momint in gruttere hurdheid hat as op oare mominten. De earste klachten kamen fan minsken út de omkriten fan De Jouwer. It Fryske bedriuw Aquacombi hat útsocht dat it wetter by dy minsken in hurdheid fan om de 10 hat, wylst it nivo normaal tusken de 6 en 7 sit.
De problemen mei it wetter ûntstiene neidat wetterbedriuw Vitens oardel jier ferlyn in nije suveringstechnyk trochfierde.
Aquacombi leveret wetterûnthurdingsapparatuer. It sil mei Vitens ûndersykje oft it probleem oplost wurde kin.