Kwestje lege supermerk Frjentsjer foar Ried fan Steat

01 nov 2017 - 14:53
Foto: Omrop Fryslân

De regels foar de âlde Lidl-supermerk oan de Foarstrjitte yn Frjentsjer binne sa strang, dat it praktysk ûnmooglik is om der in nije bestimming foar te finen. Dat is de belangrykste reden dat it gebou al sa lang leechstiet. Dat hawwe de ferhierders Roeland en Alie van der Pol fan it gebou woansdei sein by de Ried fan Steat. Sy hawwe yn in sitting frege om de strange regels fan de gemeente werom te draaien, sadat der wer in supermerk mooglik is. Sy sizze dat sy de dupe wurde fan in deal tusken de supermerken Albert Heijn, Lidl en de gemeente. De Lidl is destiids ferhûze nei in nij gebou, njonken de Albert Heijn. Doe soe ôfpraat wêze dat der net wer in supermerk weromkomme mocht yn it âlde gebou.

De gemeente Frjentsjerteradiel sei dat der noch hieltyd fan alles yn it gebou mei, lykas winkels, in galery, hoareka of sels in buertsuper. Dy mei dan net grutter wêze as 600 kante meter. Van der Pol seit dat soks net wier is. De rjochter sei dat de folle supermerkbestimming eins al yn 2006 feroare is. Eins hiene de eigeners doe protestearje moatten. Van der Pol erkende dat hy dat destiids in bytsje mist hat, ek al omdat supermerkketen Lidl net protestearre. Van der Pol tinkt dat der doe al ûnderhannelingen geande wiene mei de gemeente, oer in ferhuzing fan de supermerk nei de súdkant fan it sintrum.

De Ried fan Steat fûn it al wol frjemd dat de gemeente it hiele gebiet om de Sjaardemastraat en Ockingahiem as supermerkgebiet oanwiisd hat, allinnich it âlde supermerkgebou fan Van der Pol net. Oer in pear wiken folget útspraak yn dizze saak.

(advertinsje)
(advertinsje)