Provinsjale sportdei foar bern

07 jun 2012 - 16:44
Foto: www.stockexchange, Bugdog

Goed 750 skoalbern diene tongersdei mei oan in provinsjale sportdei op It Hearrenfean. De bern komme fan it spesjaal basisûnderwiis en krigen sa de kâns om yn de kunde te kommen mei in grut ferskaat oan sporten. It doel fan de sportdei is om de bern te stimulearjen yn harren frije tiid ek mei te dwaan oan in sportaktiviteit.

De learlingen koene trije sporten dwaan. Se koene kieze út sporten lykas badminton, bôgesjitten, wetterpolo en fitness.

Trefwurden: 
sportdei
(Advertinsje)
(Advertinsje)