FIDEO: Wat bliuwt oer fan Kulturele Haadstêd nei 2018?

De polityk moat no begjinne mei it ynvestearjen yn de takomst fan Fryslân nei 2018. It jier fan Kulturele Haadstêd komt hieltyd rapper tichteby, mar in dúdlik byld fan wat nei dat jier ynvestearre wurde moat, is der amper. De doelen binne helder: in sterke Fryske ekonomy, in brûzend kultureel libben, mear toeristen en in lânskip fol lûden fan de greidefûgels. Mar ta de bûse wol noch net ien. Neffens de Ljouwerter wethâlder Sjoerd Feitsma falt it allegear wol ta. "Je ynvestearje ien jier in soad jild, dêrnei plukke je dêr de fruchten fan. As je de begrutting foar kultuer mei in pear persint opheegje, kinne je de ûntjouwingen dy't we no yn gong sette goed geande hâlde."
Noch te stil
Maatskiplik fernijer Klaas Sietse Spoelstra fynt lykwols dat it no noch fierstente stil is. It wurdt tiid dat projekten yn gong set wurde. It bliuwt neffens him hingjen yn de koarte termynfyzje fan de polityk. "Je moatte no oan de slach mei de aginda fan Fryslân foar 2030. De diskusje komt yn de polityk al gau op jild. Dêr moatte je fan ôf. Begjin mei it ûntwikkeljen fan in dúdlike fyzje."
Net benaud foar de takomst
Avine Fokkens, fraksjefoarsitter fan de VVD yn de steaten, is entûsjast oer LF2018. Mar samar de jildponge iepen lûke is gjin opsje. "Je moet goed investeren. Zo goed dat Leeuwarden, en dan ook Fryslân, na 2018 nog jaren culturele hoofdstad is." Feitsma is net sa benaud foar de takomst. Hy tinkt dat it wol goed komme sil. De ynvestearringen komme der. Want sa seit hy: "In ynvestearing yn in ryk kultureel libben foar de jeugd is ek ekonomy."