Ljouwerter besoademiteret fersekering

01 nov 2017 - 14:24
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In 45-jierrige man út Ljouwert hat 60 oeren wurkstraf krigen foar oplichting. Earder dit jier besocht er fersekering te besoademiterjen troch in falske oanjefte fan in ynbraak op te stjoeren, mei falske faktueren fan nij guod dat er kocht ha soe. De fraude kaam lykwols oan it ljocht.

De Ljouwerter hie jildkrapte en siet sûnder wurk. Om't er mei in nije auto mear kâns op wurk hie, woe er oan jild komme. Hy ferfalske in âlde oanjefte fan syn freondinne en stjoerde dy mei falske faktueren nei de fersekeringsmaatskippij. De fersekerder fertroude it net en socht de saak út.

Neist de wurkstraf soe de man ek de skeaclaim fan hast 3.600 euro fan de fersekerder betelje moatte. Mar de rjochter fûn it bewiis foar dy foardering net dúdlik. Hy warskôge wol dat dy claim likegoed noch fia de boargerlike rjochter op him ferhelle wurde koe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)