Tentoanstelling 'Real Human Bodies' komt nei Ljouwert

01 nov 2017 - 13:52

De kontroversjele tentoanstelling Real Human Bodies Expo komt nei Ljouwert. Yn it wykein fan 18 en 19 novimber kinne minsken yn it Hotel Oranje de anatomy fan echte deade minsken besjen. De tentoanstelling reizget al in pear moanne troch Nederlân en hat op guon plakken foar opskuor soarge. Sa is it ûndúdlik wêr't de lichems weikomme. Op de site stiet dat it Amerikaanske donoaren binne, dy't foardat se dea gongen tastimming jûn hawwe.

Wylst de organisaasje oan Brabânske sjoernalisten tajout dat der ek lichems fan Sineeske swervers by binne. Tsjin Omrop Fryslân seit wurdfierder Edward Smits dat de lichems "van over de hele wereld" komme, mar dat hy hjir net tefolle oer kwyt wol. "Onze juridische raadgevers zijn er mee bezig.'' Dochs giet de eksposysje yntusken gewoan troch. De tentoanstelling wurdt organisearre troch de Amerikaanske tentoanstellingsfirma Prime Time Las Vegas. Se organisearje oer de hiele wrâld tentoanstellingen mei bygelyks film- en muzyktema's.

(Advertinsje)
(Advertinsje)