Aksje Snits: 130.000 euro, beslach op 13 auto's en 7 huzen

By de ynfallen yn Snits tiisdei binne trije fertochten oanhâlden. It giet om twa Snitsers fan 31 en 33 jier en in 32-jierrige ynwenner fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Se wurde fertocht fan grutskalige drugshannel en it wytwaskjen fan krimineel jild. De plysje folge de fertochten al twa jier.
By de aksje binne 150 plysjeminsken en spesjalisten fan definsje ynset. De plysje hat 130.000 euro yn ferburgen romten fûn en 13 auto's fan it garaazjebedriuw yn beslach naam. Boppedat is beslach lein op sân wenten dy't mooglik mei krimineel jild betelle binne.