Plezierfeart nei Dronryp amper mooglik

01 nov 2017 - 12:54

Dronryp is op dit stuit net goed genôch tagonklik foar de plezierfeart. Dat seit doarpsbelang Dronryp. Yn de sydearm fan it Van Harinxmakanaal by it doarp sit safolle blabber en drek, dat der foar boaten gjin trochkommen mear oan is. It is in kwestje fan tiid foardat dêr in soarte fan moeras ûntstiet. Doarpsbelang leit de saak no foar oan de boargemaster fan Menameradiel.

Djoere saak

Boargemaster Theunis Piersma fan Menameradiel is net optimistysk oer it útbaggerjen fan de feart nei Dronryp. It wurdt in djoere saak, tinkt er. "It wurdt in ferhaal mei in protte nullen" seit Piersma, "dat is net samar regele. It komt op in lange winskelist. De gemeente Waadhoeke sil der in beslút oer nimme moatte." Op 22 novimber binne der riedsferkiezingen yn de gemeente Waadhoeke.

Trefwurden: 
Dronryp plezierfeart
(Advertinsje)
(Advertinsje)