Roelof Bouwmeester nominearre as sylcoach fan it jier

01 nov 2017 - 12:42
Roelof, de broer fan Marit Bouwmeester, by de Olympiade yn Rio yn 2016 - Foto: Omrop Fryslân

Roelof Bouwmeester fan Warten is nominearre as sylcoach fan it jier. De coach fan ûnder oare syn suster Marit Bouwmeester is foar it earst nominearre. Roelof Bouwmeester wûn as coach mei Marit ûnder oare de Europeeske en wrâldtitel. Mar hy begeliedt ek jonge talinten. Hy hat konkurrinsje fan Hans Loermans, in coach yn de jeugd yn de sylklasse Splash.

Moandei 6 novimber wurdt yn Scheveningen bekend wa't de priis wint. Marit Bouwmeester is der net by, want in dei letter wurdt yn Meksiko bekendmakke wa't de wrâldsylster fan it jier wurdt. Dêr is Marit Bouwmeester foar nominearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)