Film Redbad noch net klear, mar no al ferkocht oan bûtenlân

01 nov 2017 - 12:05

De film 'Redbad' is al oan ferskate lannen ferkocht noch foardat de film ôf is. It histoaryske epos fan regisseur Roel Reiné giet oer de Fryske kening Redbad dy't yn de iere midsiuwen mei help fan de Fikingen stried tsjin de kristenen dy't har leauwe yn de lege lannen oplizze woenen.

De film is ferkocht oan Dútslân, Frankryk en it Midden-Easten. Foar de film wurde ûnder oare opnamen op It Amelân makke. Earder binne fjochtsênes by Earnewâld opnommen mei in soad figuranten.

De haadrollen wurde spile troch Gijs Naber en Loes Haverkort. Regisseur Roel Reiné makke earder de film 'Michiel de Ruyter'. Redbad wurdt yn 2018 yn de bioskopen ferwachte.

Trefwurden: 
Redbad film Roel Reiné
(advertinsje)