Kornet fan Excelsior Ferwert stellen

01 nov 2017 - 11:48

Mei de goede resultaten ôfrûne sneon op it Nederlânsk brassbandkampioenskip yn Utrecht wie der in protte fleur by brassband Excelsior. De domper kaam letter. Sneontejûn is in kornet stellen út de auto fan ien fan de leden. It giet om in Besson Sovereign, mei in gemiddelde wearde fan mear as 2000 euro.

De brassband freget op Facebook oandacht foar de stellerij fan it blaasynstrumint. Se roppe minsken op om bygelyks Marktplaats goed yn de gaten te hâlden, mocht de kornet dêr te keap oanbean wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)