Famylje yn Readtsjerk moat boaiemûndersyk dwaan

Samar in stik fan de Boskwei yn Readtsjerk (op dit stik hoecht de leadfersmoarging net te sitten) © Google Streetview
De gemeente Tytsjerksteradiel mei de famylje Veenstra-Faber dochs twinge om boaiemûndersyk te dwaan nei fersmoarging fan harren grûn oan de Boskwei yn Readtsjerk. Dat hat de Ried fan Steat sein. Ut stekproeven docht bliken dat der tefolle lead yn de grûn sit. It perseel is tusken 2002 en 2007 ferhurde mei pún dêr't lead yn siet.
Neffens Veenstra hie Tytsjerksteradiel doe yngripe moatten, mar de steatsried seit dat fan in gemeente net ferwachte wurde kin dat dy der altyd by is as der earne pún stoart wurdt. Veenstra moat no dochs it boaiemûndersyk betelje en foar mooglike sanearringskosten opdraaie.