ProRail ynvestearret ien miljard yn it noardlike spoar

ProRail stekt de kommende tiid ien miljard euro yn it noardlike spoar. Dêrûnder falt in ynvestearring fan hast twa miljoen euro foar it spoar tusken Ljouwert en Grins om elk oere in ekstra langere trein ride te litten. By Hurdegaryp moat in tunnel ûnder it spoar trochkomme. Fiif partikuliere oergongen fan it spoar tusken Ljouwert en Grins wurde sletten en trije net-bewaakte oergongen krije no wol befeiliging.
Dat is in spearpunt fan ProRail nei't der de lêste tiid in soad swiere ûngelokken op dizze oergongen wiene. Der binne ek deaden by fallen, lykas by in oergong by Harns.
Ek it spoar tusken Ljouwert en Meppel wurdt oanpast om ekstra treinen ride te litten. Der komt mear stroom beskikber. Yn desimber giet it fan seis nei acht treinen de oere.