Gearwurking Palludara en CVO Súdwest-Fryslân stap tichteby

© ANP
Gearwurking tusken ûnderwiisynstânsjes Stichting Palludara en CVO Súdwest-Fryslân is in stap tichteby kaam. Ut in earste ûndersyk docht bliken dat in bestjoerlike gearwurking kânsen biedt foar ferbettering fan de kwaliteit fan it ûnderwiis. Der komt no in twadde ûndersyk nei mooglike gearwurking.
Oanlieding foar de plannen is de krimp fan de befolking yn it gebiet dêr't beide ynstânsjes wurkje. Neffens Palludara ha se 600 learlingen minder yn fergeliking mei seis jier lyn. Ek by CVO Súdwest-Fryslân fernimme se dat der minder learlingen fan de basisskoallen komme. Mei de gearwurking wolle de beide ynstânsjes de problemen oanpakke, ûnder oare troch effisjinter te wurkjen.