Keunstmoanne op It Amelân wer fan start

Novimber stiet al 21 jier gelyk oan de Keunstmoanne op It Amelân. It tema dit jier is 'Kunst als Tweede Natuur'. De keunstmoanne wurdt woansdei offisjeel iepene.
"It tema sjochst werom yn de natuer as ynspiraasjeboarne en yn de natuerlike materialen dy't de keunstners brûke, lykas karton, geitefel, brûns en metaal, mar we ha ek in projekt mei lânskipskeunstners yn natuergebiet de Kooiduinen," fertelt Gitte Brugman. Se is sûnt dit jier artistyk lieder fan de keunstmoanne.
Mear as hûndert keunstners út binnen- en bûtenlân litte har wurk sjen op tsientallen bysûndere lokaasjes. In grut ferskaat oan dissiplines binne dit jier te sjen: fan skilderkeunst, fotografy, bylden oant keramyk en glês. De keunstmoanne biedt ek in poadium oan skriuwers (Hans Dorrestijn) en sjongers (Janne Schra, Elske DeWall en Iris Kroes) en der is, yn de mande mei it Noordelijk Film Festival, in filmprogramma. Mei 'The Nordic Art Connection' leit de fokus dit jier op keunstners út Sweden, Denemarken en Noarwegen. Ek binne der tal fan iepenloft projekten, mei ynstallaasjes yn Ballum en yn Buren. "Dick Visser makket by de fiskfivers by Buren in wurk mei plafonniêres, dêrmei leit er ek de ferbining mei duorsumens want hy brûkt de âlde lampen op 'e nij."
It geheim fan de keunstmoanne is neffens Brugman dat besikers ferrast wurde. "Dan komst op in lokaasje en witst net watst ferwachtsje kinst, mar dan is in plak omtovere ta in galery mei moaie keunst. Yn de roomsk-katolike tsjerke hingje no tekeningen en it is krekt of hearre dy dêr, sa moai past it."
De keunstmoanne duorret oant en mei 30 novimber.