Minne dei foar Bouwmeester

07 jun 2012 - 16:10

Marit Bouwmeester hat tongersdei in minne dei hân yn Weymouth. Op it Olympyske wetter mei somtiden wynkrêft acht sakke se fan it dielde earste nei it sechsde plak. Wylst hast al har konkurrinten yn de Laser Radial klasse wol boppeyn meisylden, pakte Bouwmeester in achtste en tolfde plak.

Pieter-Jan Postma kaam yn de Finn mar ien kear yn aksje. It waard in fjirde plak. Yn it klassemint bliuwt er fjirde, ien punt achter Zach Railey fan Amearika. Rom dêrfoar twa Britten: Giles Scott en Ben Ainslie.

(advertinsje)
(advertinsje)