Lotten Ouwe Syl allegearre ferkocht

Dit is de haadpriis fan de lotterij fan v.v. Ouwe Syl © Omrop Fryslân, Evert van den Berg
Alle lotten fan de lotterij fan v.v. Ouwe Syl binne útferkocht. De fuotbalklup hie 7.908 lotten beskikber en dy binne tsien dagen foar de sluting útferkocht. Dielnimmers meitsje mei it lot fan 98 euro kâns op in hûs oan De Kolk yn it doarp mei in wearde fan 200.000 euro. It winnende lot wurdt 11 novimber lutsen. Mei de opbringst wolle se it ferâldere sportkompleks opknappe.