Swellewâl as oarlochsmonumint op âld stoart by Warten

31 okt 2017 - 22:57

It moat in monumint wurde fol fan symbolyk, de muorre foar sweltsjes dy't takom jier ûntbleate wurdt op it âld stoart by Warten. Op dat plak is yn de Twadde Wrâldoarloch in militêr fleantúch delstoart. De provinsje betellet 200.000 euro foar it monumint. It fleantúch kaam del op de Ald Dwinger, en dêr komt ek it monumint, seit deputearre Sietske Poepjes.

(advertinsje)
(advertinsje)