Svec nei Slovan Bratislava

07 jun 2012 - 16:01

Hearrenfean-spiler Michal Svec giet nei de Slowaakske klup Slovan Bratislava. De middenfjilder spile sûnt 2008 foar SC Hearrenfean, mar syn kontrakt waard net ferlingd.

Svec hie syn bêste tiid ûnder trainer Trond Sollied, doe't er in soad yn de basis stie en Svec mei Hearrenfean de beker wûn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)