Jeugdkultuerskoalle yn âld molkfabryk fan Burgum

Yn it âld molkfabryk fan Burgum is freed de premjêre fan it nije toanielstik Pixelfriend. It giet om de alderearste produksje fan de nije Jeugdkultuerskoalle Het Achterland, dy't opset wurdt foar de jongerein yn Noardeast-Fryslân. It toanielstik is ûntwikkele troch de fjouwer jonge akteurs yn gearwurking mei regisseur Zen Roorda.
De jeugdkultuerskoalle wol de kommende tiid graach fierder profesjonalisearje en mear produksjes meitsje en sil dêroer yn petear mei de gemeenten yn de regio. Jeugdkultuerskoalle Het Achterland is in inisjatyf fan artistyk lieder Dirk Bruinsma fan toanielselskip de Peer Group. Bruinsma komt sels ek út Noardeast-Fryslân. Hy fynt it wichtich dat op it plattelân ek in kultuerskoalle is dêr't jongeren harsels fierder ûntwikkelje kinne.