"Provinsje te laks oer útwreiding Lelystêd Airport"

31 okt 2017 - 22:21
Fleanfjild Lelystêd - Foto: ANP

De gemeente Eaststellingwerf is min te sprekken oer de hâlding fan de provinsje as it giet oer de útwreiding fan it fleanfjild fan Lelystêd. De provinsje hie neffens Eaststellingwerf út namme fan alle Fryske gemeenten in reaksje jaan moatten. Dat is net dien en dêrom stjoert Eaststellingwerf no sels in reaksje nei Den Haag. Earder hawwe de gemeenten Weststellingwerf en De Fryske Marren tegearre sa'n reaksje stjoerd. Dêr is Eaststellingwerf ek net wiis mei, seit wethâlder Henk van de Boer. "Er is geen contact over geweest, verbazingwekkend, geheel buiten ons om. Dat zullen we nog wel bij de kop pakken. Als zienswijzen uiteenlopen, krijg je 'verdeel en heers'."

Eaststellingwerf is bang foar oerlêst trochdat der aanst mear fleantugen fan en nei Lelystêd fleane. Dat soe gefolgen hawwe foar de rekreaasje en foar it miljeu. De gemeente wol dat fleantugen minimaal 2100 meter hichte hâlde, en leafst net leger komme as 3 kilometer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)