Harns betellet motor foar VOC-replika Willem Barentsz

31 okt 2017 - 21:47
Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De gemeente Harns stelt 50.000 euro beskikber foar in nije motor foar de replika fan it VOC-skip Willem Barentsz. Dy wurdt boud yn de stêd. Mei de motor kin it skip aanst feilich farre.

It is de bedoeling dat de romp fan it skip begjin takom jier klear is. De gemeente tinkt dat it skip dan in protte besikers út binnen- en bûtenlân nei de stêd lûke sil.

Trefwurden: 
Willem Barentsz Harns
(Advertinsje)
(Advertinsje)