Ljouwerter brilleman mei 1100 brillen yn koffer nei Moldavië

In bussjauffeur dy't sûnder bril mei -6 omrydt en in frou dy't mei +5 'inkeld mar de bern mei de auto nei skoalle bringt'. Brilleman Leo Copini fan Ljouwert kaam yn it East-Europeeske lân Moldavië foar nuvere ferrassings te stean. Mei de eachsoarch stiet it der yn it earme lân net echt goed foar. Copini hat dêr 'as in misjonaris' - sa't er it sels neamt - hinne west om de minsken te helpen. De reis waard finansjeel mooglik makke troch de stichting Max Maakt Mogelijk fan Omroep Max. Copini hat mei-inoar 1100 minsken holpen.
"In bysûndere ûnderfining. Ik haw ek fan sokke missys dien yn Roemenië, Mauritanië en Oekraïne. Opfallend wie dat de minsken yn Moldavië it goed foarinoar hiene. Sa hiene wy in romte yn in selsboud doarpshûs ta ús beskikking. Yn de oare romte hie in toskedokter sitting foar de omkriten."
"Wy hawwe brillen meinaam dy't minsken by ús ynleverje. Fierders krije wy fan leveransiers montueren dy't lizzen bleaun binne. Dy nimme wy dan allegearre mei nei it lân fan bestimming. Dêr mjitte wy de eagen fan de minsken. As se in bril nedich hawwe, mjitte wy dy oan. Dan nimme we de montueren wer mei nei Nederlân en nei Fryslân, om hjir de glêzen te bestellen. Dy slypje wy dan sa dat se yn de montueren passe. En dan gean wy werom mei de kant en kleare brillen. It is echt maatwurk."